Bisdom Mainz | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Tsjerkeprovinsje | Freiburg | |
Biskopssit | Mainz | |
Katedraal | Sint-Martinusdom | |
Hiemside | www.bistum-trier.de | |
Hierargy | ||
Biskop | Peter Kohlgraf | |
Statistyk | ||
Oerflak | 7.692 km² | |
Befolking | 2.966.722 (31.12.2017) | |
Wêrfan katolyk | 686.705 (23,1%) (31.12.2020) | |
Dekenaten | 20 (31.12.2012) | |
Parochy's | 303 (31.12.2018) | |
Lokaasje bisdom Mainz yn Dútslân. |
It bisdom Mainz (Dútsk: Bistum Mainz, Latyn: Diœcesis Moguntinus) is in roomsk-katolyk bisdom yn 'e Dútske tsjerkeprovinsje Freiburg. It bisdom bestiet út dielen fan 'e dielsteaten Hessen en Rynlân-Palts en is ferdield yn twa geografysk fan inoar skieden gebieten. It noardlike diel leit fan Mainz nei it noardeasten en it súdlike diel bestiet út it eardere bisdom Worms mei de stêd Worms as sintrum. Yn it súdeasten leit ek noch in lyts stikje fan Baden-Wuerttemberch by it bisdom.
It bisdom bestiet al langer as 1600 jier, wêrfan goed 1000 jier as aartsbisdom. De aartsbiskoppen fan Mainz hiene as karfoarsten en aartskânslers in soad ynfloed yn it Hillige Roomske Ryk.
Mainz is njonken Rome it iennige bisdom fan 'e wrâld, dat de titel fan 'Hillige Stoel' drage mei.